Bynt fan 7 oktober 2014 17:20

Nije stavering
Tillevyzje wurdt tillefyzje. Droech wurdt drûch. Wat fine jo fan de nije Fryske stavering? Wy prate der jûn yn Bynt oer mei Douwe Kootstra, skriuwer en ûnderwiisman.

Gitaarskoalle
We ha in petear mei de jonge ûndernimmers Sietze Bouma en Jente Hummel fan it Gitaar Instituut Fryslân. Mei harren oan it stjoer liket de muzykskoalle no einliks in súkses te wurden.

Fryske militêren yn de VS
Militêren fan de Ljouwerter fleanbasis fleane de hiele wrâld oer. Sa sitte se yn Amearika om it fleanen te learen mei de JSF. Wy folgje dizze Friezen yn Florida.

Sân stêden
Sjongeres en basisskoallejuf Judith Switters is te gast oer it projekt 'Sân stêden' fan Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante. Sân jonge professionals geane op reis nei sân steden dy't de kommende jierren Kulturele Haadstêd fan Europa binne. Judith giet nei de Poalske stêd Wroclaw, dy't yn 2016 oan bar is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)