Bynt fan 7 novimber 2014 17:20

Hurdfytser Pieter Weening
Jûn skoot hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema oan. Hy wûn dit jier in etappe yn de Ronde fan Italië, en wie in belangryke maat fan teamgenoat Simon Gerrans. Hoe is it mei him en wat ferwachtet hy fan takom jier?

Myn Klup: Greate Pier
Alle freeds gean wy yn Bynt Sport op besite by in Fryske sportklup. Dêr gean wy op syk nei it klupgefoel, en nei de bining dy't minsken by harren klup fiele. Dizze wike binne wy yn Ljouwert, by rugbyklup Greate Pier.

Sportskriuwer
Sportskriuwer Wiep Idzenga fertelt yn Bynt Sport oer syn nije boek 'Brigadier Kodak neemt een foto'. It is in boek fol ferhalen út it hurdfytsen. Wat makket dit boek sa spesjaal, en wêrom tinkt Idzenga sels dat syn boeken oanslaan?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)