Bynt fan 7 maart 2016 17:20

Jildau Broekens is Boerinne fan it Jier 2016
In jier lang mei Jildau Broekens fan De Gordyk har "Boerinne fan it jier" neame. Bynt hie har graach oan tafel hân, mar dat slagget Jildau net, want se moat kij melke yn Easterwâlde. Ferslachjouwer Miranda Werkman siket har dêrom op om der efter te kommen hoe’t Jildau yn dit grutte avontoer bedarre is. En hoe fielt it no eins om de meast seksy boerinne fan Nederlân te wêzen?

Fryske natoergebieten yn gefaar
It tafersjoch op natoergebieten, ek yn Fryslân, stiet ûnder druk. En dat hat alles te krijen mei it tekoart oan griene BOA 's. Dat binne boskwachters dy’t bekeurings jaan meie. Troch besunigings is dêr hieltyd minder jild foar. It gefolch is dat der bygelyks hieltyd mear ôffal dumpt wurdt yn de bosken en dat ek it streupen tanimt. Boskwachter Roel Vriesema fan Steatsboskbehear skoot hjoed oan om te fertellen wat hy allegear yn de bosken oantreft.

Peareltsjes út it Frysk Filmargyf
Tûzenen filmkes út Fryslân lizze yn it Fries Filmarchief yn Ljouwert opslein. Ynkoarten binne dizze foar eltsenien thús efter de kompjûter beskikber. De provinsje Fryslân hat 5 miljoen euro beskikber steld foar it projekt Deltaplan Digitalisering. Koördinator Syds Wiersma fan it Fries Filmarchief dûkt spesjaal foar Bynt de argiven yn en socht fjouwer peareltsjes út de filmblikken foar ús út. Hjoed is it earste peareltsje te sjen. It giet oer George Christiaan Slieker. Hy wie de ienige echte filmpionier fan Nederlân en ferneamd fanwegen syn reizgjende bioskoop.

BY07CP01

Op syk nei de peareltsjes fan it Frysk Film Argyf...

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)