Bynt fan 7 maart 2014 18:30

  • De bistepreparateur yn aksje

It earste ljipaai fan Fryslân, fûn troch Geert en Herman Mooi út Nijetrine, is fan 'e moarn lottere en offisjeel goedkard. Bynt folge de winners fan de Sulveren Ljip op dizze spannende dei fan moarns betiid oant it momint op it Provinsjehûs by de kommissaris fan de Kening. Hoe sjocht sa'n dei der no eins út?

It keatsbûn KNKB sit sûnder haadsponsor. Noch foardat it fjouwerjierrige kontrakt tekene wie, heakke de nije haadsponsor FB Oranjewoud al wer ôf. De nije jildsjitter hie syn nocht fan it protest fan in groepke keatsers. Dy binne tsjin eksklusiviteit fan de haadsponsornamme op it wedstriidshirt. Hoe koe it no sa ferkeard rinne? En hoe no fierder? Dêr prate wy jûn oer yn Bynt mei sportferslachjouwer Geert van Tuinen en mei foarsitter Sipke Saakstra fan de KNKB.

It bin miskien sa no en dan wat ûnsmaaklike bylden, toch docht Marjolein Kramer neat leaver as it preparearjen fan bisten. De hiele wike sykje wy yn Bynt jonge minsken op dy't keazen hawwe foar in ambacht en hjoed sjogge wy by Marjolein. Sy koe har gelok net op doe't se yn it Fries Natuurmuseum yn Ljouwert oan 'e slach koe as bistepreparateur. Want it is in ambacht dêr't net in soad minsken har bestean fan meitsje kinne.

Lekker troch de modder krûpe, oan touwen slingerje en oer balken klimme. Snein wurdt yn Koatstertille foar de 13e keer de Biddle survivalrun organisearre, mar wa't tinkt dat it bernespul is hat it mis. Mei 1100 dielnimmers en sa'n 10.000 taskôgers is de run ien fan de grutsten fan Nederlân. Us saakkundige Age Veldboom waard ek grypt troch it survivalfirus en teste foar ús it parkoers yn Koatstertille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)