Bynt fan 7 maaie 2014 18:30

  • De Johan Frisoslûs yn Starum

Kening Willem-Alexander iepenet moarn de twadde Johan Frisoslûs yn Starum. Dy ekstra slûs by de Iselmar is nedich fanwege de grutte oanrin fan wettertoeristen simmerdeis. Bynt gie del om te sjen hoe't de slûs derby leit. Mei de slûswachter en de projektlieder sjogge wy hoe't it der no fan binnen útsjocht en wêr't de needsaak foar de ekstra slûs no wei komt.

Yn Bynt sjogge wy dizze wike by feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts. Hawwe jo der ea oan tocht dat dy âlde faas fan beppe miskien wol 10.000 euro wurdich is? Want de Sinesen keapje op ’t heden alle Sineeske antyk op dy’t se krije kinne en betelje dêr grof jild foar. Ek is der in moaie kollaazje fan plankjes te sjen dy't ynbrocht wurdt. In echt DADA keunstwurk, of soe it dochs in ferfalsking wêze?

De soarch yn Nederlân wurdt ûnbetelber. In trochsneed gesin is per jier 11.000 euro kwyt oan ferplicht fersekere soarch, sa'n 13 % fan it ynkommen. As we neat dogge, is dat yn 2040 40 %. It moat dus oars. En Fryslân is troch it Ministearje fan Folkssûnens oanwiisd as pilot-gebiet om alle belutsen soarchpartijen dat mei elkoar regelje te litten. De plannen binne no yn in stadium dat de pasjinten se beynfloedzje kinne en dêr prate wy oer mei fêste gast Margreet de Graaf en emeritus heechlearaar Guus Schrijvers fan it UMC Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)