Bynt fan 7 juny 2016 17:20

Gasboarings by Skiermûntseach?
As it oan minister Kamp leit, mei der nei gas board wurde by Skiermûntseach. Aksjefierder Thom Verheul fan de wurkgroep 'Horizon Schiermonnikoog' leit him der net by del, en it earste risseltaat is der al want yn de Twadde Keamer wurde der hjoed fragen oer steld.

Goed nijs is wól nijs
It nijs wurdt oerhearske troch dingen dy't net goed geane. Oarlogen, ûngemakken, failliseminten, neam mar op. Sjoernalist Ralf Bodelier fynt dat dat oars moat, want fan positive ferhalen wurdt ek ús maatskippij better. Hoe't dat wurket, leit er jûn út op in lêzing yn Snits en yn Bynt.

Ferfilming ferhalewedstryd
Yorick Speerstra skreau it winnende ferhaal fan de ferhalewedstryd dy't dizze maitiid holden waard. Hy wûn mei in betocht ferhaal oer in pear jonges dy't te joyriden sille. It ferhaal is ferfilme en is dizze hiele wike te sjen yn Bynt. Hjoed diel 1.

Speeche as Obama
De 18-jierrige Habtamu de Hoop fan Wommels sil moarn live op TV speeche yn de finale fan it programma "Op weg naar het Lagerhuis'. Hoe hat er sa goed speechen leard, en wa binne syn foarbylden?

Diel 1 fan de koarte film oer joyriding

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)