Bynt fan 7 febrewaris 2014 18:30

Yn Bynt sjogge wy de hiele útstjoering werom op 20 jier regionale tillevyzje. Oan de hân fan fragminten, dy't soargje foar in soad “Ja wis”-mominten, sjogge omroppers fan de earste oere lykas Gerard van der Veer, Simone Scheffer en Dieuwke Kroese, werom op bysûndere en hilaryske gebeurtenissen.

Under oaren de tongblierkrisis, de ûntsnapte liuw op It Hearrenfean, de stille tocht foar Meindert Tjoelker, it skûtsjesilen, de PC yn Frjentsjer en de ferskate drama's dy't de Omrop troch de jierren hinne makke hat, komme jûn foarby.

Sjen dus, dy ekstra lange útstjoering fan Bynt. Jûn al fan 18.20 oere ôf!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)