Bynt fan 7 desimber 2015 17:20

Aart Staartjes yn Krystmusical
Tsien kear wurdt de krystmusical ‘De Sterren van Bartlehiem’ yn it Posthuis teater op It Hearrenfean opfierd. It stik is skreaun troch Rients Gratama, dy’t sels ien fan de haadrollen spilet. In oare haadrol is foar Aart Staartjes, en hy skoot jûn oan yn Bynt.

Mei op 'e Wylde Swan
Twa moanne op 'e oseaan. Hoe hâlde je dat fol? Merijn Hiemstra kin krekt oan neat oars tinke. Sy wol graach mei as trainee op it Masterskip Wylde Swan.

In see fan tiid
In see fan tiid, dat ha je as trainee op de Wylde Swan. Mar hoe sjocht it libben oan board der krekt út? Tamara van den Berg makke der in koarte dokumintêre oer, dy't we dizze wike yn fjouwer dielen sjen litte. Haadpersoanen binne de trainees Merlijn en Rens.

De assistint fan it talint
De assistint fan it talint is in nije priis dy’t Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante dit jier útrikke op it Frysk sportgala. Om in begjin te meitsjen sil jûn talintfol sporter Wout Zijlstra junior bekend meitsje wa’t de assistint fan syn talint is.

BY07LO04

Wa wurdt de assistint fan it talint?

BY07LO03_1

Wy seagen by de repetysjes fan 'de Sterren van Bartlehiem'

BY07LO02

Hoe is dat no, trainee op 'e Wylde Swan?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)