Bynt fan 7 april 2014 18:30

It is wer oppassen foar tiken, want dêr binne dit jier in hiel soad fan. In byt fan it bistje kin de sykte fan Lyme feroarsaakje. En dat hat yngripende gefolgen, sa sjogge wy jûn. Wy wiene by de 25-jierrige Arjen Van Dijk fan Tsjummearum, dy't de sykte hat. Hy hie in aktyf libben, no is er oan hûs bûn. Ek prate wy mei dermatolooch Rob Blanken fan it MCL. Hoe kinne je in tikebyt no foarkomme, en wat moatte je dwaan as je al biten binne?

Yn Bynt folgje wy dizze wike de ferkiezing foar 'Friese Onderneming van het jaar 2014'. Hjoed ferrast Dieuwke Kroese de trije bedriuwen dy't in nominaasje yn de wacht sleept hawwe.

En: op de pleats fan de famylje Feenstra yn Ferwâlde hat him hast oardel ieu lyn in grut drama ôfspile. De pleats leit der noch krekt sa hinne as doe... Spitigernôch is der gjin jild om de boel op te knappen. Stifting Aldfaers Erf wol dêr feroaring yn bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)