Bynt fan 6 oktober 2015 17:20

Wurket doping no wol of net?
Wurket doping no wol of net? Sportpsycholooch Bram Brouwer van Mantgum seit fan net. Mar hoe hat Lance Armstrong dan sân kear de Tour de France wûn?

Welmoed presintearret it Jeugdjournaal
Sûnt in moanne is se it nije gesicht fan it Jeugdjournaal. Kin Welmoed Sytsma noch wol feilich in skoalplein oer? Jûn skoot se yn elts gefal oan yn Bynt.

Mei Tet nei Londen
Tet Rozendal har nije teatershow hjit Nachtflinder. Om har leafdesfertriet te ferwurkjen wenne se in healjier yn Londen. Wat se dêr meimakke ferwurket se yn Nachtflinder. Wy seagen mei yn Ingelân.

In winkeldief op Facebook sette?
Hieltyd mear winkeleigeners sette foto's fan dieven online en meitsje se bespotlik op Facebook. Lektor Sjoerd de Vries fan de NHL wit wat wol en net mei op sosjale media.

BY06IO03

Tet Rozendal yn Londen...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)