Bynt fan 6 oktober 2014 17:20

It wynmûne-advys fan de kommisje-Winsemius
Hjoed presintearre de kommisje-Winsemius har rapport. De kommisje stelt foar om op sân plakken yn Fryslân wynmûnen del te setten. Trettjin oare plannen krije in posityf advys op betingst. De kommisje hat alle wynmûneplannen fan Fryslân beoardiele. Fryslân moat fan it ryk 530 megawatt produsearje. Albert Koers, fan de regy-groep Fryslân foar de wyn, fertelt jûn oer syn wrakseling mei it advys.

Fryske bôle
Reitse Spanninga hat foar ús wer op paad west yn de provinsje. Dizze kear bedarre er op It Bilt, dêr't sûnt dizze simmer echte, Fryske Bôle makke wurdt! Wat der sa spesjaal is oan dizze bôle? Reitse socht it foar ús út. Fansels nimt er ek wat mei nei de studio sadat ek presintator Roelof Lousma in stikje priuwe kin.

Ljouwerters yn Amearika
Personiel fan de fleanbasis Ljouwert hat it drok. In part is krekt op missy stjoerd nei it Midden-Easten, wylst oaren yn de Feriene Steaten sitte om dêr traind te wurden yn it ûnderhâld fan de JSF. Dizze wike folgje wy in tal fan harren yn de Feriene Steaten. We prate mei se oer har wurk, Amearika en it libben dêr.

In Leafde
'In Leafde' is de namme fan it nije teaterstik fan Tryater. It is basearre op it ferneamde boek 'Bridges of Madison County'. Aktrise Joke Tjalsma is de haalrolspiler, en ken it boek. Se fynt it in prachtich moai leafdesferhaal. It seit neffens har safolle oer hiele minsklike dingen. Oan tafel by Bynt fertelt Joke oer hoe't se har taret hat op de rol, en wat se fielt op it toaniel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)