Bynt fan 6 novimber 2013 18:30

Aktrise Hilly Harms, bekend fan ûnder oare Baas boppe Baas, is 75 wurden. Dochs wit se fan gjin ophâlden. Tegearre mei toanielskriuwer Bouke Oldenhof is se drok dwaande mei in nij projekt.

Yn ús rige sil Albert Jensma jûn wer del by de stille krêft efter in polityke party dy't fol yn de ferkiezingsstriid sit.

En Evert Fokkema komt hjoed om te praten oer in bysûnder opliedingstrajekt yn de soarch. Wêrom soene je bygelyks as 22-jierrige keardel ophâlde mei in managementoplieding om de soarch yn te gean?

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)