Bynt fan 6 maart 2015 17:20

Bynt Sport

Bynt Sport giet jûn oer fuotbal. Mei de trainer fan SC Hearrenfean, Dwight Lodeweges, sjogge wy nei it seizoen. Hoe stean de Feansters der op it stuit foar? En wat komt der noch de kommende wiken?

Ek skowe sportsjoernalisten Johann Mast fan de Leeuwarder Courant en ús eigen Geert van Tuinen. Hoe sjoche sy nei dit SC Hearrenfean? En wat ferwachtsje sy fan Hearrenfean en Cambuur dit wykein?

Fierder gean wy foar Myn Klup nei SV Mulier yn Wytmarsum en kinst kaartsjes winne foar SC Hearrenfean - Ajax...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)