Bynt fan 6 maaie 2014 18:30

Yn 2003 waard it doe 11-jierrige famke Lusanne van der Gun út har wenplak Aldeberkeap meinaam troch in ûnbekende man. Fryslân hâlde it hert fêst. Trije dagen waard se fermist, oant se troch har ûntfierder frijlitten waard, 200 km fan har wenplak. No, mear as 10 jier letter, bringt sjoernalist Niek van der Oord in boek út oer de saak. Hy is te gast yn Bynt.

Je erve in doaze mei antike sulveren doaskes en je witte net wêr’t je dermei hinne moatte. Of je komme krapper te wenjen en foar de skilderijen dy’t je sammele ha, is gjin plak mear. Wat dogge je dermei en wat bringt it op, as je it ferkeapje soene? In goede fraach. In soad minsken sette it spul dan al gau op markplaats. Mar dêr is it mar krekt wat de gek derfoar jout. By feilinghûs Ald Fryslan yn Drylts taksearje se it earst en ferkeapje it by opbod. Albert Jensma sjocht dizze wike hoe’t it der by sa’n feiling om en ta giet.

De ôfrûne jierren binne Fair Trade produkten hieltyd populêrder wurden. Want sis no sels, jout it net in better gefoel om te witten dat jo kofje foar in earlike priis ynkocht is? Mar as it idee jo oansprekt, kinne je yn Fryslân dan in hiele dei Fair Trade libje? Bedriuwsekonoom en fêste gast Geesje Duursma probearret it út en giet op paad yn Burgum. Wat is krekt in Fair Trade produkt? Hoe komme je yn oanmerking foar sa'n sertifikaat? En hoe stiet it mei de kwaliteit van de produkten?

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)