Bynt fan 6 juny 2014 18:30

Spinozapriis foar Theunis Piersma
Hjoed is bekend wurden dat Theunis Piersma út Gaast dit jier de Spinozapriis krigen hat. Dizze priis, ferneamd nei filosoof Baruch Spinoza, is de heechste Nederlânske ûnderskieding yn de wittenskip. Elts jier krije fjouwer wittenskippers in jildbedrach fan twa en in heal miljoen euro dat se besteegje moatte oan harren ûndersyk. De bekendmakking wie fan 'e middei yn Utrecht en dêr skeakelje wy live nei ta foar in petear mei Piersma. Wat betsjut dizze priis foar him?

Special Olympics: De Olympyske flam
De Special Olympics stean no echt foar de doar. Noch ien wike en dan giet it los mei in grutte iepeningsseremoanje yn it Abe Lenstra stadion. En by sa'n seremoanje heart fansels ek in Olympyske flam. Jûn kinne je sjen hoe't de flam ûntstutsen wurdt en de toartse op wei giet nei It Hearrenfean.

De Fytsalvestêdetocht
Fytsbehearsking, hâlding, bochten meitsje en drinke ûnder it fytsen. In goede tarieding op de fytsalvestêdetocht bestiet út folle mear as rûntsjes fytse en kilometers fuorttraapje. Baukje de Jong - Spoor traint de froulju fan Fytstoerklup Smallingerland. Se wit as gjin oar wat er nedich is om moandei de tocht goed troch te kommen. Tegearre mei ús saakkundiche Age Veldboom fertelt se dat jûn yn Bynt.

It Ulesjoernaal
Sa as faker op freed einigje wy jûn mei it ûlesjoernaal. Wat hawwe de lytse pykjes yn de ûlekast fan it Fryske Gea dizze wike allegear meimakke?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)