Bynt fan 6 jannewaris

Nei twa wiken winterstop is Bynt der jûn wer. En de ûnderwerpen binne de muoite wurdich! Tongersdei is de premjêre fan de hynstesjo 'Faderpaard', in grut spektakelstik om it 135-jierrich bestean fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek te fieren. Regisseur Jos Thie is jûn te gast. Hoe is it foar him, as festige namme yn de teaterwrâld, om oan sa'n bysûnder stik mei te wurkjen? Yn de rige sjogge wy efter de skermen by de tariedings foar dit grutte evenemint.

It is jannewaris, en fansels sjogge wy dan foarút op it nije jier. Wat binne de trends fan 2014? Hoe komt it mei de huzemerk, hokker klean ha wy oan, wat ite wy? Dêroer prate wy dizze wike mei ús saakkundigen. Hjoed sitte Martin Cnossen en Reitse Spanninga oan tafel. Sy beprate de ûntwikkelings op it plattelân en yn de keuken. Ek sa'n trend: je eigen iten ferbouwe. Bynt begjint mei biologysk grienteteler Aat Oosenbrug fan Donkerbroek in eigen 'Bynttún'. Stap foar stap wurdt útlein wat je dwaan moatte sadat je mei de tips fan Aat aanst sels ek oan de slach kinne.

Resept fan Reitse: Ynlizzen fan grienten

2 diel jittik (2 kofjekopkes)
1 diel wetter (1 kofjekopke)
1 ytleppel sâlt (mei kop derop)
2 ytleppel sûker (mei kop derop)

Sied de jittik mei wetter en sâlt en sûker krekt salang't alles oplost is.
Lis skjinmakke komkommer yn in skjinne wekpot, Safolle oant der net mear yn kin.
Doch der mostersied by en farsk dillekrûd.
Oant de kop ta fol!
Deksel derop, ticht dwaan en op 'e kop sette.
Troch de waarmte lûkt it no fakuüm.

Tips fan Reitse:

Bewarje yn de kuolkast.
Nei it iepenjen altyd ticht dwaan oars ferdampt de jittik yn jo kuolkast en dan giet de kuolkast stikken nei ferrin fan tiid.
Hurde griente, bygelyks biten, woartels, seldery of paprika's, altyd oanmogen gear siede yn de jittikoplossing. Dêrnei yn de wekpot dwaan.

Lekker ite!

Reitse

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)