Bynt fan 6 febrewaris 2014 18:30

Der moat mear omtinken komme foar selsmoard by boeren. Dat is alteast de miening fan ûndersiker Lizzy van Leeuwen, skriuwster fan it boek 'De hanenbalken' oer dizze kwestje. Hoewol't se gjin hurde sifers hat, seit se dochs dat der in grutter probleem spilet as dat folle minsken tajaan wolle. Jûn yn Bynt fertelt se wêr't neffens har de problemen wei komme.

Dizze wike 20 jier lyn begûn Omrop Fryslân mei de útstjoerings op tillevyzje. We hawwe jo as sjogger frege wat jo nochris graach weromsjen wolle. Hjoed de ynstjoering fan Alexander Zwiers. Yn 2002 krige er in baan as fuotbaltrainer yn Katar, sa wie te sjen yn it sportprogramma Boppeslach. Mar hoe soe it no mei Alexander gean?

Fotograaf Tryntsje Nauta krijt moarn de Gerrit Benner priis foar byldzjende keunst. Tagelyk wurdt der in eksposysje fan har iepene yn it Fries Museum. Miskien wol har ferneamdste wurk binne de 176 foto's fan oranjekoeken, dy't se troch hiel Fryslân makke. Tegearre mei Nauta skoot ek fêste gast Steven Sterk oan. Hy leit út wat him no krekt sa oansprekt oan har wurk en wat har foto's sa bysûnder makket.

En we sjogge noch even yn Sotsji, dêr't Roelof de Vries hjoed Jorrit Bergsma fan Aldeboarn en syn coach Jillert Anema tsjin kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)