Bynt fan 6 desimber 2013 18:30

Yn de Blokhúspoarte is jûn de finale feiling fan de 3FM-aksje Serious Request. Bynt is derby. Fan febrewaris ôf waard der ien kear yn de moanne guod feild en dat hat al dik tweintichtûzen euro opbrocht. We prate op lokaasje mei Wilbert Mutsaers fan 3FM. Hoe sjocht hy nei alle inisjativen yn Fryslân foar it goede doel?

SC Cambuur krijt dit jier faak komplimenten hoe't der fuotballe wurdt, mar echte resultaten smyt dat oant no ta net op. De degradaasjestreep driget noch hieltyd. Cambuur spilet dit wykein út by RKC, dy't ek yn de degradaasjesône sit. Assistint-trainer Henk de Jong en sportsjoernalist Gerard Bos fan it Friesch Dagblad sjogge werom op it earste helte fan it seizoen en foarút nei de kommende moannen. Wat moat der by de klup barre om degradaasje foar te kommen?

Koartlyn kaam by tafal oan it ljocht dat yn it âlde Harmonie-gebou yn Harns yn de oarloch ûnderdûkers sitten ha. Mar sels de famylje fan eigener Jonkman wist fan neat. Wa ha hjir sitten? Kin jo dizze saak oplosse foar Tresoar?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)