Bynt fan 6 april 2016 17:20

Amerikanen yn Hichtum
Mear as hûndert jier lyn emigrearren fyftjin Hichtumers nei Amearika. Hjoed komme alve neikommelingen werom nei it doarp en wy binne der live by.

Kofferguys
In ûnskuldich Facebookberjocht fan Johanna Kommerie út Damwâld soarge foar in echte mediastoarm. Sy hat it foarinoar krigen dat kommende snein 26 manlju de koffers fan Miljoenenjacht fêsthâlde yn plak fan froulju.

Rjochtdei
Hokker skriuwer wint de Fryske ferhalewedstryd en in ferfilming fan it ferhaal? Dat hearre jo moarn yn Bynt. Mar om sjen te litten hoe moai’t dy film wurde kin, kinne jo sjen nei Rjochtdei. De film fan ferline jier.

It leger fan Grutte Pier
Foar syn teatertrilogy is regisseur Dirk Bruinsma dwaande mei it foarmjen fan it leger fan Grutte Pier. Hy siket dêrfoar 140 soldaten en dy kinne freed begjinne mei in echte ‘bootcamp’.

Rjochtdei diel 3

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)