Bynt fan 5 oktober 2015 17:20

Nei Laos mei BNN op reis
Wurkje foar it programma BNN op reis mei Geraldine Kemper, it is in echte jongesdream. Foar Tim Runia fan Snits komt dy dream no út. Tim giet as ko-presintator mei de BNN-presintatrise op reis nei Laos.

Masterclass fan klimaatgoeroe Al Gore
De twa Fryske broers Patrick en Milan van der Meulen binne krekt werom út Amearika foar in masterclass fan Al Gore. Milan sit oan tafel om te fertellen hoe't dit wie.

Tet yn London
Nachtvlinder is de nije teatershow fan Tet Rozendal. Ynspiraasje foar dizze persoanlike foarstelling die se op yn Londen. Ferslachjouwer Eduard Rekker gie mei har noch ien kear werom nei har grutte ynspiraasjeboarne.

Moderne Sherlock Holmes
As in echte Inspector Gadget ûntraffelet forinsysk ûndersiker Marco Bosmans de grutste riedsels. Jûn hâldt er in lêzing hjiroer yn de biblioteek op It Hearrenfean.

BY05JO01

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)