Bynt fan 5 juny 2015 17:20

Freedtejûn betsjut dat it wer tiid is foar Bynt Sport

Mei it moaie simmerwaar fan hjoed is it tiid foar in echte simmersport. Jûn prate wy oer it fierljeppen. Dat dogge wy mei twa fan de bêste Fryske ljeppers, te witten Bart Helmholt en Thewis Hobma.

Wat is de takomst fan de sport? Hoe besykje sy de jeugd by it ljeppen te heljen? Binne de jongeren eigentlik wol entûsjast te krijen foar it fierljeppen?
Ek ús eigen analist op it mêd fan it fierljeppen, Gerrit de Boer, skoot oan. Wat ferwachtet hy fan takom seizoen?

Dat en folle mear jûn yn Bynt Sport. Sa hat Bart Helmholt in moaie priis tasein dy’t wy ferlotsje meie yn de Kwis en gean wy del foar Myn Klup by de ljeppers fan It Heidenskip.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)