Bynt fan 5 juny 2014 18:30

  • In kastje fan meubelmakker Fristho

Topsportstatus Thialf
It wie it grutte nijs fan juster, it reedrydbûn KNSB dy't de gunning oan Icedôme ynluts. Hiel Fryslân stie op 'e kop en seach de kânsen foar Thialf as nij topsportsintrum wer fleurich yn. Mar by de earste gunning wie net Thialf, mar TranSportium út Zoetermeer op it twadde plak kaam. Hoe moat it no fierder? Wy prate oer de situaasje mei Paul Sanders, algemien direkteur van de KNSB.

Special Olympics: Kuorbal yn Den Haach
Juster koene we al sjen hoe't Lutz Jacobi ús G-kuorballers in rûnlieding joech troch it gebou fan de Twadde Keamer. Hjoed it ferfolch fan dizze besite oan Den Haach. Te sjen is hoe't ferneamde Keamerleden en politisy lykas minister Ronald Plasterk, Sander de Rouwe en Henk Kamp foar ien euro de man besykje de bal yn de koer te krijen. En oft dat in bytsje slagget...

De meubels fan Fristho
It wie de nûmer ien meubelmakker fan de wrâld, Fristho út Frjentsjer. Fan de oarloch ôf belibben se benammen yn it bûtenlân heechtijdagen. Leverje yn Parys, Milaan en Amearika, it koe net op. Mar doe kamen de santiger jierren. Minsken woene wat oars en de oaljekrisis kaam om de hoeke. Fristho moast de striid mei de konkurrinsje opjaan en die yn 1978 de doarren ticht. Oer dit bysûndere stikje Fryske skiednis begjint sneon in tentoanstelling en ferskynt der in boek. Wy prate der oer mei de skriuwer, Bert Looper, en ús saakkundige Steven Sterk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)