Bynt fan 5 febrewaris 2015 17:20

Fuort by it Fries Museum
Direkteur Saskia Bak giet fuort by it Fries Museum. Se hat in baan krigen as direkteur fan it Museum Arnhem. Under lieding fan de 50-jierrige Bak waard oardel jier lyn it nije Fries Museum oan it Saailân yn Ljouwert iepene. Jûn sjocht se werom op har tiid yn Ljouwert.

Ynternasjonale dei fan de waarman
It is foar ús in ûnbekend fenomeen: de nasjonale dei fan de waarman. Hjoed wurdt er hâlden yn Amearika. En wat is der no moaier om dat ek hjir te fieren op in prachtige winterdei as hjoed. Wy dogge it mei jonge waarman Timo Jepkema.

Trochsetter Tynke
Tynke van der Wal - Talsma fan Menaam trout mei har wiere leafde Alef. It stel wol graach bern. Mar dan wurdt Alef ûngenêslik siik. Fia IVF slagget it Tynke dochs om in poppe te krijen. Yn ús rige oer trochsetters docht se har ferhaal.

Op ekspedysje nei de Noordpoal
Je soene him hast wol mister Noordpoal neame kinne. En dan ha ik it oer Louwrens Hacquebord. Yn augustus giet er al wer foar de tweintichste kear op ekspedysje. Op syk nei de geheimen fan it Noardpoalgebiet.
.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)