Bynt fan 5 desimber 2013 18:30

Yn Bynt fansels ek omtinken foar de stoarm. We sjogge efkes by Piet Paulusma yn Harns. Is der noch nijs en hoe heech komt it wetter jûn?

Op de boaiem fan de Waadsee tusken It Amelân en Skiermûntseach leit in munysjestoart mei 500 ton skerpe Dútske granaten út de Twadde Wrâldoarloch. It giet om munysje dat der nei de oarloch dumpt is. Net ien wit yn hokker steat de munysje is, sa docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân en it programma EenVandaag.

Jo help is ek wer noadich yn ús rige! Want der bin saken dy't somtiden al hûnderten jierren op 'e planke lizze en wachtsje om oplost te wurden. De saneamde Cold Case saken fan histoarysk sintrum Tresoar. Jûn omtinken foar de Friezedei. Wy litte prachtige bylden sjen fan dy byienkomst yn Birkhoven, flakby Amersfoort, út 1932 en 1936. Mar fragen by de rûs. Wa herkent syn of har famylje?

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)