Bynt fan 5 april 2016 17:20

Jules Schelvis
As iennichste Nederlanner oerlibbe Jules Schelvis de konsintraasjekampen Auschwitz en Sobibor. Mar ôfrûne sneon is hy op 95-jierrige leeftiid ferstoarn. Dirigint Jan Vermaning fan De Jouwer wurke yntinsyf mei him gear. Jûn sjocht hy werom op it libben fan syn freon.

Babbeltrúk
Nedich nei it húske moatte, de benzine is op of even de meterstân opnimme. Allegearre babbeltrúks dêr’t dieven mei binnen komme wolle. En dat bart noch te faak, fynt âld-plysjeman Wouter de Vries. Dêrom jout hy jûn yn Bynt tips om ús skerp te hâlden.

Rjochtdei
Wa is de winner fan de Fryske ferhalewedstryd? Dat wurdt tongersdei bekend makke yn Bynt. En yn de oanrin hjirfan werhelje wy dizze wike it winnende ferhaal fan ferline jier: Rjochtdei.

Jong talint by Tryater
Teaterleafhawwers kinne hast net om him hinne: akteur Lourens van den Akker. Hy is dit seizoen yn hast alle foarstellingen fan Tryater te sjen. Yn Bynt prate wy mei him oer syn karriêre: hoe hâldt hy dit fol en wat binne syn dreamen?

BY05DP05

Diel 2 fan de rige Rjochtdei...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)