Bynt fan 4 novimber 2014 17:20

Sâlte tylt
De measte boeren litte sâlte grûn links lizze. Want dêrop is it dreech gewaaksen te ferbouwen. Dochs dogge se it op Teksel, en aanst ek yn Surch. Marc van Rijsselberge docht dêr al proeven, en hy is jûn te gast yn Bynt.

De dream fan eltse kameraman
It libben fan kameraman en fotograaf Jaap Ruurd Feitsma is as in jongesdream. Hy skeat fideoklips foar artysten as Ronnie Flexx, en wurke ûnder oaren foar Boer Zoekt Vrouw. No is hy krekt werom út Namibië, en hy wie yn Nevada dêr't hy opnamen makke foar it BBC-sjochsiferkanon Top Gear. Jûn praat er mei Roelof oer syn ûnderfinings.

500 asylsikers: te folle?
De emoasjes yn Riis rinne heech op, om't der nei alle gedachten 500 asylsikers opfongen wurde. Yn it doarpke sels wenje 175 minsken. 15 jier lyn krigen de ynwenners fan Sint Anne fergelykber nijs. Doe waard dúdlik dat dêr 400 asylsikers komme soene. Anne van der Meer fan Pleatselik belang Sint Anne fertelt oer de ûnderfinings fan it doarp doe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)