Bynt fan 4 maart 2016 17:20

Bynt Sport op freed
It is in trend yn de fuotbalwrâld: besletten traine krekt foar in wedstriid. Ek SC Cambuur giet hjir sûnt koart yn mei. Sa wiene supporters en sjoernalisten fan 'e moarn net wolkom by de trening fan it earste alvetal. Wy kinne jo gerêststelle: by Bynt Sport is de útstjoering gewoan frij te besjen! Dizze wike stiet Cambuur sintraal yn Bynt Sport op freed. Oan tafel sit de nije trainer fan de Ljouwerters, Marcel Keizer. Ek twa âld-ploechmaten út 'e jierren '90, Richard Elzinga en Lody Roembiak, skowe oan.

Bert Konterman
Oankommend wykein giet de ploech fan Marcel Keizer op besite by Feyenoord. In spiler dy't sawol foar Feyenoord as Cambuur spile, is ferdigener Bert Konterman. Wy giene op besite by de spiler dy't fan 1993 oant 1996 yn Ljouwert spile. Hy sjocht werom op syn tiid yn it giel-blau.

En fierder?
Der is fansels de Kening fan Kongo mei in ferrassende foarsizzing. Hy sjocht foarút nei de wedstriid fan Cambuur yn De Kuip tsjin Feyenoord. Boppedat is der wer in machtige priis te winnen yn Arjens Sportkwis. Om kans te meitsjen dêrop moat it goeie antwurd maild wurde nei bynt@omropfryslan.nl .

Op besite by Bert Konterman

Op besite by Bert Konterman

Arjens Sportkwis mei... Wessel Dammers!

Arjens Sportkwis mei... Wessel Dammers!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)