Bynt fan 4 maart 2015 17:20

Fan skipper nei akteur
Fan dek nei poadium. Skûtsjesiler Harmen Brouwer smyt it oer in hiel oare boech. Hy sil akteur wurde. Syn debút makket hy yn it teaterstik Skippersbitter, en jûn skoot hy oan om te praten oer dizze opmerklike feroaring fan karriêre.

Alkoholslot
Foar minsken dy't trappearre binne mei tefolle drank op wie it in krúsjale wike, mei sa as hjoed blykt, foar har in positive útkomst. Juster spruts de Hege Ried him út tsjin it alkoholslot en hjoed sette ek de Ried fan Steat in streek troch it slot. Nico de Vries wurket by Anker & Anker en stie de ôfrûne jierren sa’n 130 minsken by dy’t op de nominaasje stiene foar in alkoholslot.

Maartske Greiden
Yn de diskusje oer aaisykjen giet it altyd mar wer oer de fraach wa't de skuld krijt fan de delgong fan de greidfûgelstân. Faak wurdt beskuldigjend wiist nei de lânbou. Yn Idzegea wolle boeren graach sjen litte dat it wol kin: boer en natuer byinoar bringe. Ien fan dy boeren is Klaas Oevering.

The Given Horse
De jonges fan it duo The Given Horse makken alris in rûnreis troch Amearika om dêr bekend te wurden. Moarn om dizze tiid sitte se op tsien kilometer hichte yn it fleantúch nei Japan. Se sille dêr fjouwer wiken omspane mei mar ien doel: sa ferneamd mooglik wurde by de Japanners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)