Bynt fan 4 maaie 2015 17:20

De oarloch libbet noch altyd: dêrom in spesjale útstjoering fan Bynt wêryn't wy stil stean by de deadebetinking.

18 Kanadeeske feteranen ha it noch meimakke; de befrijing fan Fryslân. Se binne no even yn Fryslân en wurkje in drok programma ôf. Koos Pot fan stifting Befrijingsfestival Fryslân sit der middenyn. Hy begeliedt de feteranen en harren famyljes.

'De schoenen van de waanzin', seit it jo noch wat? Ferline jier makken wy in reportaazje oer dit (hast net te leauwen) oarlochsferhaal. Mar dit ferhaal kriget noch in sturtsje. Sa berikte ús reportaazje sels Israel. Koert Moulijn fertelt mear, ek oer syn rol hjiryn.

Aly van der Mark úntduts in histoaryske brievewikseling tusken har heit en mem yn Rotterdam en de oare famylje yn Fryslân. Sa skreau heit oer de swiere bombardementen yn Rotterdam. No hat se it materiaal sammele en der in boek fan makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)