Bynt fan 4 juny 2015 17:20

In gesicht foar de ‘boomkistdame’
Se hat der in pear iuwen op wachtsje moatten, mar sûnt hjoed hat de ‘boomkistdame’, yn 1905 fûn yn Hegebeintum, wer in gesicht. Yn it Fries Museum waard fan 'e middei de gesichtsrekonstruksje fan it skelet ûntbleate. Bynt folge it projekt de ôfrûne moannen, en wy sjogge jûn nei it einresultaat.

It ferhaal fan ‘Rjochtdei’
Janneke de Boer is de skriuwster fan it ferhaal ‘Rjochtdei’. Nei oanlieding fan de fertoaning fan dizze koarte film yn Bynt, hat se in soad reaksjes krigen. Sa is der ûnder oaren in reaksje fan in (Nederlânske) dochter fan in Dútske militêr.

’Rjochtdei’
Yn Bynt is dizze wike de koarte film 'Rjochtdei' te sjen. It meitsjen fan dizze film wie de beleanning foar it winnen fan de ferhalewedstryd fan It Skriuwersboun. Hjoed it lêste diel fan de film. Hoe sil it ôfrinne?

Projekt Photoshop
Je hûd krekt wat egaler, sprankeljende eagen en in fine noas; mei it fotobewurkingsprogramma Photoshop kinsto de realiteit krekt wat moaier meitsje. Mar hoe fier kinne en meie je dêr yn gean? Neffens fotograaf Loes Gorseling is it tiid om der kritysk nei te sjen.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)