Bynt fan 4 juny 2014 18:30

Beropsfiskerij op 'e Iselmar
De beropsfiskers binne lilk op steatssekretaris Sharon Dijksma. Neffens Sportfiskerij Nederlân ferpoft sy it om in miljoen euro op tafel te lizzen om de beropsfiskerij te sanearjen. Der binne op koarte termyn maatregels nedich om't der amper mear fisk yn de Iselmar sit. Hoe is dat sa kaam? En wat is de takomst fan de beropsfiskerij op de Iselmar? Wy prate der oer mei Doede Bleeker, sjonger mar ek eigener fan in fiskwinkel, en âld-fisker Sipke Bootsma, dy't 50 jier op de Iselmar fiske hat.

Special Olympics: Kuorbal yn Den Haach
Hjoed folgje wy G-kuorbalster Alyce Norbruis en har coach Lutz Jacobi wer in dei. Yn oanrin nei de Special Olympics giet Alyce mei har hiele kuorbalteam op besite by Lutz yn Den Haach. Der krije se in rûnlieding troch de gebouwen en argiven fan de Twadde Keamer.

Dizze wike yn de soarch
In part fan de húsdokters leit hjoed it wurk in oere del út protest tsjin in wiziging yn de soarchfersekeringswet. Troch dy wiziging sil de frije kar foar in dokter ferdwine. Wêrom soe dat sa slim wêze? En hoe sit it eins mei de subsydzje foar Zorgbelang? Wy prate der jûn oer mei ús saakkundige, en direkteur fan Zorgbelang, Margreet de Graaf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)