Bynt fan 4 febrewaris 2015 17:20

Tetman de Vries
By de namme Tetman de Vries hat de jongste generaasje miskien net fuort in idee wa't dat is. Yn de jierren '50 en '60 fan de ôfrûne ieu spile de teaterpionier foar folle sealen yn it hiele lân. Syn dochter Leny Dijkstra bringt no mei it stik “Doe kaam de maitiid” in hommaazje oan har heit. Se docht dat mei Rients Gratama.

Sûker, de grutte fijân?
Is sûker no ús grutte fijân en moatte we mei ús allen ophâlde mei it iten derfan? Of falt it allegearre wol wat ta? Wy prate der oer mei diëtiste Lysbeth Rubingh.

Trochsetter Ikran
Har heit en broer slute har thús op en ferbiede kontakt mei de bûtenwrâld. Se wurdt mishannele. Yn ús rige oer trochsetters it ferhaal fan in famke dat letterlik springe moat foar har frijheid.

It Swarte Goud
Jûn prate wy oer 'It Swarte Goud'. It is in wrâldferneamd eksportprodukt fan ús provinsje. Programmamakker Piter Tjeerdsma siket crowdfunding foar in searje dokumintêres oer it Fryske hynder...

Trailer 'It Swarte Goud'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)