Bynt fan 4 febrewaris 2014 18:30

De Fryske ûntwerpster Winde Rienstra is in opkommend talint yn de ynternasjonale moadewrâld. Sels Doutzen is in grut fan fan har wurk. De kreaasjes fan Winde binne op syn minst bysûnder te neamen. Se lit har ynspirearje troch de arsjitektuer en brûkt materialen as hout en tou. Nei in suksesfolle Amsterdam Fashion Week is se nei eigen sizzen no klear foar Londen, Parys en Tokyo. Ferslachjouwer Henk te Biesebeek socht har op yn har wenplak Utert.

Yn de rige sjogge wy wer werom op 20 jier regionale televyzje op Omrop Fryslân. We ha jo as sjogger frege wat jo nochris graach weromsjen wolle. Ek Tetsje Kiemel fan Grou mailde ús. Sy soe noch wolris wat omtinken ha wolle foar de appelbeam fan har omke Minne Dankert. Hea! makke der yn 2008 in reportaazje oer.

En ús saakkundige Geesje Duursma is wer te gast. Sy sit yn de wurkgroep MKB21. Wêr moat in ûndernimming oan foldwaan om 2021 te heljen? Kinne lytse ûndernimmers de holle noch wol boppe wetter hâlde, no't grutte winkelketens hieltyd mear de konkurrinsjestriid mei harren oangean? We binne op besite yn de Kleine Kerkstraat yn Ljouwert, útroppen ta de leukste winkelstrjitte fan Nederlân. Is dit yn 2021 noch altyd sa?

Jûn om healwei sânen is Bynt der wer. Sjen dus!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)