Bynt fan 4 april 2016 17:20

Referindum Oekraïne
Wêrom moatte wy foar of tsjin it hannelsferdrach mei Oekraïne stimme? Dêr ha wy it jûn oer yn Bynt. Kommende woansdei mei hiel Nêderlân nei de stimbus om har miening te jaan oer it hannelsferdrach fan de EU mei Oekraïne. Mar wat hâldt it krekt yn? En wat betsjut it foar Fryslân?

Bestjoerskundige Rieks Osinga jout syn blik op it referindum. Wat ferwachtet hy? En wat seit er oer de kritisy?

Dêrneist prate wy mei Sieta van Keimpema , foarsitter fan de boerebelange-organisaasje Dutch Dairymen Board. Sy seit dat de boeren yn Nederlân in soad neidielen troch dit hannelsferdrach ûnderfine sille.

Fansels binne der ek foarstanners fan it ferdrach. René Kremers hat meardere lânbouprodukten opset yn Oekraïne en sjocht dus ek in soad foardielen. Wat sil hy stimme woansdei?

Rjochtdei
Wa hat de Fryske ferhalewedstryd wûn? Dat meitsje wy kommende woansdei bekend yn Bynt. Ferline jier wûn Janneke de Boer út Weidum mei har ferhaal Rjochtdei. As foarpriuwke foar tongersdei litte we dizze koarte film noch ien kear sjen.

BY04DP03

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)