Bynt fan 4 april 2014 18:30

  • Tún makke troch Gerrit Vlaskamp

Eltse túnleafhawwer hat wolris heard fan Lucas Roodbaard (1782-1851), mar hast nimmen kent syn opfolger Gerrit Vlaskamp (1834-1906). Dizze túnarsjitekt is yn it ferjit rekke, mar okkerdeis ûntdiek auteur Aly van der Mark dat hy 350 tunen en parken oanlein hat yn it noarden fan Nederlân. In spektakulêre fynst, omdat fan Vlaskamp suver neat bekend is. Snein is de earste fan twa útstjoerings fan Fryslân DOK oer de fergetten tunen fan Gerrit Vlaskamp te sjen en dêrom skoot Van der Mark jûn oan yn Bynt.

De hiele wike al portretearret Bynt de bewenners fan de beverhokken yn Surhústerfean. Sy stride al twa jier tsjin de plannen fan de Stifting Wenningbou Achtkarspelen. Se wolle net fuort, se wolle gjin nijere wenten. It is goed sa as it is. Mar hoelang hâld je soks fol? Want de bewenners wenje der al jierren en jierren en binne net de jongste mear. Nei dizze lêste ôflevering sit Riekele Heida fan de SWA yn de studio foar in koarte útlis.

It is gefaarlik, net goed foar it miljeu en alles behalve in sport, want hoe kin op in motor sitte no yntinsyf foar dyn lichem wêze? Neffens ús saakkundige Age Veldboom bringt de motorcross in soad foaroardielen mei him mei. Foaroardielen, dy't meastal net klopje. Dêrom prate wy der oan tafel oer mei Age en geane wy del by motorklup Flying Boetoe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)