Bynt fan 31 oktober 2014 17:20

  • Daley Sinkgraven oan de bal

It grutte talint fan sc Hearrenfean
Daley Sinkgraven is no al de grutte man by Sportklup Hearrenfean. Hy komt út de eigen jeugdoplieding, en is dus in bern fan de klup. Neffens Gertjan Verbeek is hy sels de meast talintfolle middenfjilder fan Nederlân. Hoe tinkt hy der sels oer?

Myn Klup: Drachten Diamonds
Alle freeds gean wy yn Bynt Sport op besite by in Fryske sportklup. Dêr gean wy op syk nei it klupgefoel, en nei de bining dy't minsken by harren klup fiele. Dizze wike gean wy del yn Drachten, by de honk- en softballers fan de Drachten Diamonds.

Fuotbaltrainer Jan de Jonge
It seizoen wie amper fjouwer wedstriden ûnderweis doe't fuotbaltrainer Jan de Jonge dien krieg. By Heracles Almelo, dat doe noch gjin punt wûn hie, seine se it fertrouwen yn him op. Is hy al op syk nei in nije klup? Hjoed fertelt hy der oer yn Bynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)