Bynt fan 31 maart 2016 17:20

Op skerp foar 1 april
Yn de oanrin nei 1 april steane by elkenien de sinnen ekstra op skerp. En al hielendal by sjoernalisten. Want wat is der wier fan al dy moaie berjochten en nijstips dy’t binnenkomme? Hoe witte je oft je net foar de gek hâlden wurde? Kollega Afke Boven jout in oersjoch fan alle leuke 1 april-grappen yn de media.

Life is beautiful
Klaasje Postma spilet it stik Life is Beautiful oer de Joadske pianisite Alice Herz-Sommer. In frou dy't de Holocaust oerlibbe en derfoar keas om posityf yn it libben te stean. De foarstelling wie foar Klaasje oanlieding om minsken op te sykjen dy't ek sa libje.

It swarte sulver
Dit wykein begjint de dokumintêrerige 'It swarte goud' oer it Fryske Hynder. Yn fjouwer dielen wurdt de magy fan dit Fryske ikoan ûntraffele. Yn Bynt dizze wike ‘It swarte sulver’. Ferhalen dy't de rige net hellen, mar dy't te moai binne om te ferjitten. Hjoed it ferhaal fan in Amerikaanske húshâlding dy't it hynder út de film Zorro kocht.

Skilder fan it Fryske lânskip
It Fryske lânskip skilderje, dat kin keunstner Jentsje Popma as gjin oar. Hy wurdt dit jier 95. Reden foar in feestje, tocht galeryhâlder Jitse Sikkema. Hy makke dêrom de ekposysje 'It Fryske Lân' mei ûnder oaren seis wurken fan Popma. Mar eins fertsjinnet de skilder in folle grutter poadium, fynt Sikkema.

FIDEO: Amearikaansk gesin fereale op Frysk hynder Zorro

De lêste ôflevering yn de rige 'It swarte sulver'. Oer de Amearikaanske famylje dy't it hynder út de film 'Zorro' kocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)