Bynt fan 31 maart 2014 18:30

Cambuur kaam hjoed mei it opmerklike nijs dat trainer Dwight Lodeweges de oerstap makket nei SC Hearrenfean. It berjocht soarget foar in soad kommoasje, op Twitter binne guon minsken der fan oertsjûge dat it om in 1 aprilgrap giet. Grap of net, wy prate der jûn fansels oer fierder.

Yn de rige dizze wike in portret fan de bewenners fan de saneamde 'beverhokken' yn Surhústerfean. De wenningstichting wol graach ôf fan dizze wenten, mar dêr binne de bewenners it net mei iens.

En der is wer in nije ôflevering fan de Bynt-tún. Foarige wike koene jo op Facebook alfêst in foarpriuwke sjen fan it plantsjen fan de ierappels en it meitsjen fan kompost. Hjoed plantsje Aat en Miranda de túnbeantsjes en noch in hiel protte oare krûden dy't fan 't simmer brûkt wurde kinne by it itensieden. En se geane oan de slach mei in 'superfood' út eigen tún: brannettels. Want dêr kinne je hearlike sop fan meitsje. Hjir is alfêst it resept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)