Bynt fan 31 maaie 2016 17:20

Udo D. foar de rjochtbank
Hjoed stiet Udo D. foar de rjochter. De eks-tbs'er dy't ferline jier in spoar fan geweld achterliet yn Ljouwert. Ferslachjouwer Auke Zeldenrustwie hjoed de hiele dei yn de rjochtbank, en jout syn analyze.

17e iuwske tegeltsjes big business
Alde tegeltsjes út de 17e iuw, it is big business en al 50 jier de grutte passy fan Klaas Regts. In passy dy't oergong op syn soan Durk. Hy sei dizze winter syn baan yn de Rânestêd op om him ek folslein yn de wrâld fan de tegels te stoarten.

Underweis op de Slachtedyk
Sneon is de Slachtedyk wer it toniel fan de Slachtemaraton. Miranda Werkman sil 'm foar it earst rinne, en ferkent dizze wike alfêst de rûte.

Jules Verne yn it Frysk en mear
Anna Marije Bloem is op dizze lêste tiisdei fan de moanne wer te gast om de lêste nijtsjes oer de Fryske taal troch te nimmen. Hjoed oer it tûzenste boek fan de Afûk, in stripboek en app oer Jules Vernes 'Reis om de wereld in 80 dagen', en de 'lip sync' fan Jelle B en Johannes Rypma.

De tegels fan Klaas en Durk Regts

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)