Bynt fan 30 septimber 2014 17:20

Mata Hari yn de race foar stik fan it jier
De ferstjerrensakte fan Mata Hari is nominearre foar 'stuk van het jaar', in priis foar bysûndere, moaie of gekke argyfstikken yn Nederlân. Fan moarn ôf kin der stimd wurde. Yn Bynt is Geert de Vries te gast, direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden en Mata Hari-kenner.

Biste-ambulanse
Yn it ramt fan dieredei rydt Bynt mei op de biste-ambulânse. En dêr hawwe se it smoardrok.

Ferhalen fan Ynje-striders
Op klompen troch de Dessa. Sa hjit it nije boek fan Hylke Speerstra, dat fan 30 oktober ôf yn de winkels leit. Yn it boek binne de oangripende ferhalen fan âld Ynje-striders te lêzen. Yn Bynt fertelt Speerstra it ferhaal fan Willem Twijnstra, dy't nei syn tiid yn Ynje nea wer deselde waard.

Goedkeap of djoerkeap?
Spul keapje op in rommelmerk of op Marktplaats pakt net altyd goed út. In soad minsken ha wolris in miskeap dien of slimmer noch, wat kocht dêr't wat oan mankearde. Wat binne dan je rjochten? Advokaat Jeroen Achterveld skoot oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)