Bynt fan 30 oktober 2014 17:20

  • Kinne wy dit jier it natoeriis wer op?

De grutte winterfoarsizzing
Kinne de redens út it fet? Moatte wy de ferwaarming fêst opstoke? Nei de winkel om nije moffen en in mûtse? Of falt it allegear wol ta en bliuwt it te waarm foar de tiid fan it jier? Piet Paulusma fertelt der alles oer yn syn jierlikse winterfoarsizzing.

As pokerferslachjouwer de wrâld oer
Fan Aldebiltsyl nei Las Vegas. Foar de measten fan ús sil dit nea barre, of hiel miskien ien kearke. Hoe oars is dat foar pokerferslachjouwer Remko Rinkema. Hy komt elk jier ferskate kearen yn Las Vegas. En yn London, Hongkong, Monako, de Bahama's, Australië en neam it mar op. Foar Bynt kaam hy efkes werom nei Fryslân en jûn praat hy ús by oer syn wurk yn de pokerwrâld.

Soarch foar demintearrende âlderen
It is dizze wike de wike fan de soarch by Omrop Fryslân. Fansels hawwe wy hjir ek yn Bynt alle jûnen omtinken foar. Jûn prate wy mei Aukje Post, spesjalist op it mêd fan demintens. Sy fertelt hoe't je besykje kinne om de soarch foar demintearjende âlderen te ferbetterjen.

Keunstmoanne Amelân
De iepening fan de keunstmoanne op It Amelân stiet wer foar de doar. Oant en mei 30 novimber is it hiele eilân fol fan keunst en kultuer. Bynt is dizze wike op besite op It Amelân en praat mei ferskate keunsters. Jûn is dat Bea van Twillert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)