Bynt fan 30 oktober 2013 18:30

  • Frans Bauer

Jûn is sjonger Frans Bauer mei syn look-a-like Appie Scheer út Ljouwert te gast yn Bynt. Scheer wurdt faak frege om as dûbelgonger foar Frans Bauer op te treden. Wat fine sy fan inoar? En kenne se elkoar eins wol?

Fierder sjocht Miranda Werkman yn har rige by in keet yn Deinum. Mei keetgongers sjocht sy werom op de tiid dat sy by de keet kamen.

Yn it lêste petear praat presintator Roelof Lousma mei dokumintêremakker Thom Verheul. Hy hat in dokumintêre makke oer ALS. Mei saakkundige Margreet de Graaf sille sy oer dizze sykte prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)