Bynt fan 30 novimber 2015 17:20

De winterfoarsizzing fan Piet Paulusma
It is al hast desimber. De heechste tiid foar de jierlikse winterfoarsizzing fan ús eigen waarman Piet Paulusma. Kinne wy op redens dit jier? Krije we in soad snie? Hoe kâld wurdt it? Piet sil it ús jûn fertelle!

Nije dramasearje ‘De Koers’
De Koers is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. We folgje talintfol hurdfytser Sieger, dy’t graach de top berikke wol. Mar hoe pakt hy dat oan? Haadrolspiler Romke Gabe Draaijer leit út wêrom’t it spyljen fan Sieger yn De Koers sa spesjaal is.

100 jier
Twa wrâldoarloggen, de earste minsk op de moanne en de opkomst fan de digitale wrâld: de 100-plussers ha it allegearre meimakke. Wiene je eartiids al âld as je de 90 hellen, hjoed-de-dei is 100 wurde gjin útsûndering. Dizze wike yn BYNT fjouwer portretten fan fjouwer 100-plussers, jûn Pieter Kuiper

Aat op Paad
It wurdt kâld bûten. Dat betsjut dat it túnseizoen sawat dien is. Dêrom sit jûn foarearst foar de lêste kear ús eigen túnker Aat Oosenbrug fan de Bynt-tún oan tafel.

De earste ôflevering fan de rige yn Bynt

De earste 100-plusser fan dizze wike is Pieter Kuiper

BY30KO02

Miranda & Aat binne drok dwaande yn de Bynt-tún

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)