Bynt fan 30 maart 2016 17:20

Ikoan fan it keatsen ferstoarn
Johannes van Dijk, ien fan de grutte ikoanen fan it Fryske keatsen, is juster op 55-jierrige leeftiid ferstoarn. Dêrmei ferliest de keatserij in echte publyksleafling. Johannes Brandsma is in generaasjegenoat, mar wie ek it buorjonkje én in grutte konkurrint fan Van Dijk. Hy is yn de studio om te fertellen wêrom Van Dijk de titel 'Ikoan' fertsjinnet.

Dûnsje mei Parkinson
Dans, vecht, huil, bid, lach, werk en bewonder, is net allinnich in nûmer fan Ramses Shaffy, mar it is ek in dûnsfoarstelling troch minsken mei de sykte fan Parkinson. Dy fynt op freed 8 april foar it earst plak yn Fryslân. De filosofy hjirachter: dûnsjen is goed foar it lichem. Marlien Seinstra is dûnslearares en de betinker fan de foarstelling.

It Swarte Sulver
Dit wykein is de dokumintêrerige It Swarte Goud oer it Fryske hynder by Omrop Fryslân te sjen. By ús dizze wike it Swarte Sulver, ferhalen dy't de rige net helle ha, mar dy't te moai binne om net sjen te litten. Hjoed it ferhaal fan Frank Leyendekker, dy't as ien fan de earsten Fryske hynders nei Amearika helle.

De histoarje fan it Fryske hynder
Dat it Fryske hynder populêrder is as ea, is gjin geheim. Dochs hat dat net altiten sa west. Yn har nijste boek 'Het Friese Paard' omskriuwt Jorieke Savelkouls de histoarje fan Fryslâns bekendste eksportprodukt. Yn Bynt mear oer de bysûndere ferhalen dy't op har paad kamen.

BY30CP10_1

It Swarte Sulver

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)