Bynt fan 30 maart 2015 17:20

Wrâldkampioen Alyda Norbruis
Ofrûne wykein pakte Alyda Norbruis trije nije wrâldtitels by it paracycling. Dat is hurdfytse foar sporters mei in beheining. Earder wûn Alyda al twa titels yn Meksiko yn 2014 en ien yn Los Angeles yn 2012. Tiid foar in petear mei de keninginne fan de baan!

Lammefleis mei de Peaske
De peaskedagen steane foar de doar en dat betsjut dat yn de restaurants it lammefleis wer op 'e kaart komt. Mar wat makket dat fleis no krekt sa populêr? Wy stjoerden Reitse Spanninga der op út nei Aldeboarn. Dêr hawwe se it lekkerste lammefleis fan Fryslân.

Wurkje oan de rinnende bân
Wurk is wurk, dat seit elkenien. Mar it makket nochal wat út oft je liedingjaande binne, hiel kreatyf, ûnregelmjittich wurkje, binnen of bûten. Wy makken in rige portretten fan minsken dy't alle dagen itselde wurk dogge. Efter de rinnende bân of oan in masine. Hjoed stelle we jo foar oan Reinko. Hy wurket by ôffalferwurker Visser yn Harns.

Fryske AZC’s
En wer is yn de gemeente De Fryske Marren in asylsikerssintrum it praat fan de dei. Nei it net trochgean fan it AZC yn Riis, is no Balk oanwiisd as nije lokaasje. Moarn is der in iepenbiere gearkomste yn Balk foar de omwenners. Oan tafel wethâlder Doeke Fokkema. Yn syn gemeente stiet ien fan de earste AZC's fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)