Bynt fan 30 maaie 2016 17:20

Undersyk húsdokter
Wêrom wurde safolle Dútske skoalbern siik nei in besite oan It Amelân? Húsdokter Jac Jacobs ûntduts de oarsaak fan dizze mysterieuze sykte. Dit, en oare tema's binne it ûnderwerp fan syn promoasje-ûndersyk, dat woansdei presintearre wurdt. Jûn yn Bynt alfêst in foarpriuwke.

Slachtemarathon
In kulturele kuiertocht fan Easterbierrum nei Raerd. Takom sneon is it safier: de fiifde Slachtemaraton. Jelle Bangma stie oan de widze fan dizze kuiertocht en nimt ús mei nei dy earste jierren.

Dêrneist ferkent kollega Miranda Werkman alfêst de rûte. Wat komme de rinners tsjin? Dy fraach stelt sy oan artistyk lieder Dirk Bruinsma.

Slappe Douwe
Yn en om Ljouwert wie Douwe Bijlsma ferneamd as messenslikker en fjoerspuier. Hy neamde himsels 'Kapitein Nero, de Friesche Fakir' mar yn Ljouwert stie der bekend as ‘Slappe Douwe’. Neef Hille Bijlsma hat in boek oer jimme skreaun en sit oan tafel om hjir oer te fertellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)