Bynt fan 30 jannewaris 2015 17:20

Wiksel by Cambuur

Cambuur spilet dit wykein út tsjin FC Twente. It is de lêste wedstriid fan algemien direkteur Gerald van den Belt by Cambuur. Nei seis jier by de Ljouwerters hat hy in oare útdaging fûn. Opfallend detail derby is dat de tsjinstanner fan moarn de nije wurkjouwer fan Van den Belt is. Jûn skoot de man dy’t Cambuur nei de earedivyzje brocht noch in kear oan yn Bynt.

Ek oan tafel sit Ard de Graaf. Hy is no de kommersjeel man by Cambuur, en sil in part fan de taken fan Van den Belt oernimme. Hoe sjocht hy nei de takomst fan de klup? Hoe lit Van den Belt de boel efter? En wat binne de plannen fan De Graaf?

Dat en mear jûn yn Bynt Sport. Sa is der ek wer de leukste fuotbalkwis fan Fryslân en yn ús rubryk Myn Klup sjogge wy by de Alley Cats yn Easterwâlde. En dan hawwe wy it oer darten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)