Bynt fan 30 jannewaris 2014 18:30

Wy beprate de útkomst fan it spoedappel fan de EVT. Direkteur Erwin Rob fan de rederij sit oan tafel om te fertellen wat de gefolgen fan de útspraak binne foar syn bedriuw en foar Skylge.

Fierder in reportaazje oer it nije poppoadium, dat troch in oantal muzykleafhawwers realisearre is yn it eardere fabryksgebou fan Kooiaap yn Alde Leie. De inisjatyfnimmers dogge dit op eigen manneboet en betelje alles sels.

It Harmoniekwartier is in fergetten en fertutearze hoekje yn de Ljouwerter binnenstêd. It wurdt sloopt om plak te meitsjen foar in nij poppoadium en moat it nije kulturele hert fan Ljouwert wurde. Wy gongen mei fêste gast Sjoerd Bootsma nei it plak ta en stelden him de fraach oft Ljouwert mei de nijbouplannen fan in rotte kies ferlost wurdt of dat der in stikje stêdsromantyk ferlern giet.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)