Bynt fan 30 april 2015 17:20

Ko Janneke
It Ljouwerter festival Welcome to the Village soarge ôfrûne dagen foar in soad opskuor. En dat hat alles te krijen mei Janneke. Janneke is in ko. Sy is kocht troch de organisaasje mei it doel har te slachtsjen en dêrnei te servearren oan it festivalpublyk.

Sjongende stedswacht
Earder siet er alris yn Bynt, de sjongende stedswacht Carlos Hogendorp. Hy wol no definityf trochbrekke yn syn heitelân Brazilië. De Ljouwerter, dy't as bern adoptearre is en opgroeid is yn Fryslân, bringt de Braziliaanske herten op 'e rin. 28 maaie giet er dy kant op, ûnder oare foar in grut optreden op de tillevyzje.

It gefoel by 4 & 5 maaie
Yn maaie fiere wy de befrijing en betinke wy de oarlochsslachtoffers. Yn Bynt bringe wy dizze wike fiif persoanlike oarlochsferhalen. Hjoed it ferhaal fan Johnny Bruggenkamp, soan fan in Kanadeeske soldaat.

Direksje fol bern foar Fries Museum
It Fries Museum hat sûnt hjoed in direksje fan mar leafst acht bern. Sy sille it museum foaral advisearje oer alles wat mei bern te krijen hat. En wy binne der hiel grutsk op dat we 4 fan de 8 nije direksjeleden yn de studio hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)