Bynt fan 3 oktober 2014 17:20

De assistint-trainers
Se binne beide assistint-trainer. De iene fan SC Cambuur, de oar fan SC Hearrenfean. Sandor van der Heide en Johnny Jansen sjogge foarút op de wedstriden fan kommend wykein. Wat ferwachtsje se fan harren tsjinstanners? En wat fine se eins fan it alvetal fan de oar? Fansels prate wy ek oer de skorsing fan Michiel Hemmen, it fuortstjoeren fan Jeroen Lumu en folle, folle mear...

Myn Klup: Sloeproeien
Alle freeds gean wy yn Bynt Sport op besite by in Fryske sportklup. Dêr gean wy op syk nei it klupgefoel, en nei de bining dy't minsken by harren klup fiele. Dizze wike gean wy it wetter op, mei sloeproeiferiening De Twirre út Makkum.

De jeugdoplieding fan SC Hearrenfean
Hakim Ziyech, Bilal Basacikoglu, Daley Sinkgraven, Pelle van Amersfoort. De jeugdoplieding fan SC Hearrenfean bringt it iene nei it oare talint nei de earedivyzje. Wat is it geheim fan de Feansters? Johnny Jansen, dy't de lieding hie oer de jeugdoplieding, en beloftetrainer Gerald Sibon fertelle it ús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)